TOANIELFERIENING “HARKJEMAR“ SPILET: MEMMEN BY IT STE

Geplaatst op: 25 Februari 2020 -

Toanielferiening Harkjemar Harkema is der klear foar: freed 28 en saterdei 29 febrewaris spielje sie foar jo Memmen by it stek yn Café de Klok om 20.00 oere.

Memmen by it stek giet oer de memmen dy´t by it stek van ´t skoalleplein stean te praten. Mar wat soenen dy memmen no beprate.


As jo krekt sa nijskjirrich binne as ik, dan moatte jo fêst nij de útfiering ta komme. Dan komme jo der efter. Want der bart hiel wat.

Ik haw nea witten dat jonge memmen sok raar guod wienen!
Steane se gewoan te praten en komt master Willem foarby. Dan giet it mal!

Alle eagen folchje master Willem. No ja, no is dat ek in echt stuk, dat is wier.

En dan Anita, rint op it lest fan har swier wezen fan har fiifde bern. Allegearre fan in oare man. Mat krekt foar har befalling earst noch in peuk. Njoggen moannen foar dizze befalling barde der wat yn it fytsenhok. Der binne in pear froulju wis fan.

En soks wurdt dan allegearre bepraat troch de memmen by it stek. En noch folle mear!

O ja, Beitske ek noch. Alle memmen litte har stean.

Beste minsken at jimme even in jûn lekker laitsje wolle, kom dan op 28 of 29 febrewaris nei “Harjemar“ yn de Klok!

Oant sjen


These icons link to social bookmarking sites where readers can share and discover new web pages.
  • Facebook
  • Google
  • Hyves
  • LinkedIn
  • Live
  • MySpace
  • Twitter